Koudumer fertocht fan brânstichting

28 jan 2015 - 10:07

De plysje hat in 35-jierrige man út Koudum tiisdeitemiddei oanhâlden op fertinking fan brânstichting. De man wie te sjen op bewakingskamera's fan in bedriuw oan de Opslach dêr't in kontener yn brân stutsen wie. It wie al de tredde kear dat by it bedriuw brânstichte wie. Dat wie reden foar de plysje om in ûndersyk yn te stellen. De man is yn syn hûs oanhâlden en sit noch fêst foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)