Koudumer brânwacht wint kriich

13 jun 2006 - 10:55

De brânwacht fan Koudum hat de brânwachtwedstryd yn Wommels wûn. Oan de wedstryd diene alve korpsen út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel mei. Der waard in binnenbrân yn sêne set wêrby't twa slachtoffers rêden wurde moasten.

De Fryske korpsen diene it goed, want nei Koudum einigen Jobbegea en Oerterp op it twadde en tredde plak. It korps fan Koudum giet no troch nei de lanlike finale yn septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)