Koudum Tours oernommen

03 feb 2014 - 20:03

It bedriuw Koudum Tours wurdt oernaam troch Arriva Touring. De fjouwer bussen en fiif meiwurkers gean mei oer. De al boekte reizen wurde ek gewoan útfierd. Koudum Tours wie sûnt 2009 yn hannen fan taksybedriuw Van der Bles fan Makkum. Omdat de kosten te heech wurde, hat Van der Bles besletten it bedriuw te ferkeapjen.

Arriva sjocht de oankeap as in mooglikheid om te groeien op de Fryske touringcarmerk. De namme Koudum Tours ferdwynt net. De fjouwer bussen ride ûnder deselde namme fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)