Koudum bemiddelt oer keten

04 sep 2010 - 11:11
  • Protest yn Koudum

De jongerein út Koudum hâldt op mei de protestaksjes yn it sintrum fan it doarp. Dit yn ferbân mei it beslút fan de gemeente Nijefurd om alve jeugdketen yn de gemeente te sluten. Doarpsbelang Koudum sil no kontakt sykje mei de oare doarpsbelangen en de gemeente om te sjen of de jeugdketen beholden wurde kinne.

Trije wike lang wie it Frieslandplein yn Koudum it dekôr fan sa'n 70 oant 100 minsken dy't bier dronken en foar in soad leven soargen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)