Kotter op strân Skiermûntseach

11 okt 2011 - 22:49

Op it Noardseestrân fan Skiermûntseach is tiisdeitejûn in garnalekotter fêstrûn. It skip krige motorpech en koe net mear út de brâning komme. De rêdingboat fan Skier hat besocht it skip mei in sleepkabel fan de kust te hâlden, mar dat is net slagge.

Der stie tiisdeitejûn in swiere seegong. It skip rekke by ôfrinnend tij oan de grûn. De beide fiskers oan board fan de kotter mankeare neat en bliuwe op it skip om de berging te regeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)