Koster nei WK hurdfytsen

31 aug 2011 - 18:08
  • Anouska Koster yn aksje

De 18-jierrige Anouska Koster fan De Westereen is selektearre foar it WK hurdfytsen yn Kopenhagen. Se docht dêr mei mei de junioaren. Op 23 septimber komt se yn aksje by de wedstryd op de dyk. Bûnscoach Johan Lammerts hat dat bekend makke.

Koster is lid fan hurdfytsferiening Otto Ebbens. Troch har goeie prestaasjes is se dit jier útnoege foar de junioareseleksje fan de KNWU. Har feriening is tige grutsk dat se no meidwaan mei oan it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)