Koster Eurotransport feilichst

08 okt 2009 - 15:32

Koster Eurotransport út Wolvegea is it feilichste transportbedriuw yn Nederlân. It wûn dêrom de 'Gezond Transport prijs 2009' yn de kategory lytse bedriuwen. Dat is de heechste ûnderskieding yn de transportsektor op it mêd fan feiligens.

Direkteur Einte Faber fan Koster Eurotransport hat tiisdei in byldsje yn ûntfangst naam fan Gezond Transport. Dat is in tsjinst dy't him dwaande hâldt mei sûnens en feiligens fan wurknimmers yn 'e transportsektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)