Koster (CDA) fynt ried saai

25 nov 2003 - 00:00

It 23-jierrige gemeenteriedslid Thea Koster fan it CDA wol mear diskusje, mear iepenhied en mear dynamyk yn de Ljouwerter gemeenteried. Koster skriuwt dat op har ynternet-deiboek. De CDA'er fynt it heech tiid dat de Ljouwerter polityk oantrekliker wurdt.

Op dit stuit wurde der neffens Koster mar amper echte diskusjes fierd yn 'e ried. De útspraken binne foarspelber, en der wurdt faak net of mar amper op inoar reagearre, sa skriuwt Koster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)