Kosten syktocht net ferhelle

10 jun 2009 - 14:06

De kosten fan 'e syktocht fan woansdei op de Waadsee en Noardsee nei in fermist syljacht, wurde net ferhelle op de bemanning. Dat seit de KNRM dy't de syktocht koördinearre hat.

De organisaasje hat yn syn karbrief stean dat elkenien dy't yn need is of yn need driget te kommen, fergees holpen wurdt. De sykaksje begûn neidat famyljeleden gjin kontakt krije koene mei de twa bemanningsleden fan it jacht. Dy wiene lykwols net op see, mar op de Dokkumer Ie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)