Kosten passantehaven Boalsert te heech

10 sep 2015 - 23:18

Der komt gjin passantehaven oan 't Oordje yn Boalsert. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân besletten. Foar de haven hat it kolleezje fjouwer ton reservearre. Ut in nije berekkening docht bliken dat foar de oanlis fan de passantehaven dochs seis ton nedich is. It ferskil is te grut seit wethâlder Maarten Offinga.

De wethâlder wol him no sterk meitsje om jild frij te krijen om de binnenstêd fan Boalsert gastfrijer te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)