Kosten kuolsel binne te heech

29 jul 2009 - 15:29
  • Kosten nije kuolsel kinne Voedselbank de kop kostje

De nije kuolling yn de Voedselbanken is te djoer. De provinsje hat de apparatuer begjin dit jier jûn. De ynstallaasje stiet yn it mienskiplik depot yn Drachten en ferbrûkt alle moannen sa'n 1300 kilowatt. De organisaasje hat gjin rekken hâlden mei dit ferbrûk en de kosten.

Der wurdt de sân gemeenten dêr't de Voedselbanken aktyf binne frege om subsydzje. Allinich sa kin foarkaam wurde dat de bank ein dit jier yn de finansjele problemen rekket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)