Kosten grypprik net foar B'him

20 jun 2010 - 13:14

De gemeente Boarnsterhim moat net opdraaie foar de faksinaasjes tsjin de Meksikaanske gryp. Dat fynt de FNP yn de gemeenteried. De partij stelt der tiisdei fragen oer yn de gemeenteried.

De FNP reagearret mei de fragen op berjochten yn de media, dat Smellingerlân dy kosten wol fergoede krigen hat, ek fan bygelyks paadwizers nei de priklokaasjes. De FNP wiist derop dat Boarnsterhim der finansjeel dochs al net goed foar stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)