Koss yn Ljouwerter iishal

09 feb 2007 - 12:09
  • Johan Olav Koss wie hjoed yn de iishal fan Ljouwert

De âld wrâld- en Olympysk kampioen reedriden Johann_Olav_Koss wie freedtemoarn op besite yn de iishal fan Ljouwert. Hy helle dêr jild op foar syn Right_to_Play_Foundation. Dat is in organisaasje dy't opkomt foar bern yn earme lannen.

It wie freed tagelyk ek de lêste dei fan it skoallereedriden yn de iishal. Goed 4800 bern diene dêroan mei en hellen 10.000 euro op foar it goede doel fan Johan_Olav_Koss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)