Koss rêdt gast yn restaurant

11 mrt 2010 - 17:15

Ald-reedrider Johann Olav Koss hat yn in hotel-restaurant in gast rêden. De man siet yn it Van der Valkrestaurant yn Wolvegea te iten, doe't in fiskbonkje him yn 'e kiel stykjen bleau. De eardere Olympysk kampioen út Noarwegen is no dokter en holp de man fuortendaliks. Hy grypte de iter fan achteren beet en sette druk op it middenrif.

It Van der Valkhotel wurdt dizze wike brûkt as útfalsbasis foar de Worldcupfinale op Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)