Kosmetika stellen yn Boalsert

02 jun 2006 - 16:17

By in winkel oan de Merkstrjitte yn Boalsert is tongersdeitemiddei in protte kosmetika stellen. De plysje krige in melding fan in 25-jierrige meiwurkster út De Hommerts dat fjouwer froulju kosmetika ûnder har rok dien hiene en dêrnei de winkel útrûn wiene.

De plysje hat in syktocht opsetten yn it sintrum fan Boalsert, mar de fjouwer froulju binne net oantroffen. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)