Korps Aurora hâldt der mei op

16 nov 2000 - 16:52

It fanfarekorps Aurora fan Sint Jabik hâldt op te bestean. Der binne te min leden oerbleaun en de jeugd kiest hieltyd mear foar oare dingen. Aurora, oprjochte yn 1895, hat de ôfrûne jierren in grutte namme yn Fryslân opboud.

Mei Sint Anne hat oerlis west oer in fúzje mei it korps Excelsior, mar dat is op neat útrûn. De leden fan Aurora komme ynkoarten noch ien kear byelkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)