Korporaasjes sykje elkoar op

19 des 2012 - 13:53
  • Hierhuzen fan Thús Wonen (stockshot)

Seis wenningboukorporaasjes út Fryslân, Grinslân en Drinte komme mei-elkoar yn aksje tsjin de kabinetsplannen. Se fine dat minister Blok te min rekken hâldt mei de grutte regionale ferskillen. As de plannen trochgean hâlde de korporaasjes te min jild oer foar nijbou en ûnderhâld. Dat hat dan wer negative gefolgen foar de boubedriuwen.

Minister Blok advisearret de korporaasjes mear besit te ferkeapjen, mar dat fine de korporaasjes net realistysk.

De korporaasjes wolle graach de mooglikheid hawwe om jild, dat sy oan it ryk ôfdrage moatte, te ynvestearjen yn eigen regio. Ut Fryslân dogge ûnder oare de korporaasjes Accolade, Elkien, Thús Wonen en WoonFriesland mei oan de mienskiplike noardlike lobby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)