Korporaasjes jouwe hiertaslach

10 okt 2010 - 13:46

Under it foarige kabinet soarge de heffing foar Vogelaarwiken foar opskuor by wenningboukorporaasjes. It nije kabinet giet in stap fierder, wêrtroch Fryske wenningboukorporaasjes aanst miljoenen euro's kwyt binne.

Allinnich by wenningboukorporaasje Elkien giet it om mear as seis miljoen euro yn 't jier. Dat betsjut dat korporaasjes miljoenen euro's minder ynfestearre kinne. Ien en oar komt trochdat de korporaasjes de hiertaslagen aanst sels betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)