Korporaasje bout skoallen net

18 apr 2008 - 14:12

De gemeente Boarnsterhim moat op syk nei in nije partij dy't de brede skoallen yn Akkrum en Grou realisearje wol. It slagget wenningkorporaasje WoonFriesland net mei it beskikbere jild, sa makke de gemeente freed bekend.

Neffens boargemaster Schadd-De Boer smyt dit gjin fertraging op. Wol moat op 'e nij sjoen wurde oft alle plande foarsjennings wol trochgean kinne, lykas in nije sporthal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)