Korneev yn byld by Hearrenfean

04 nov 2005 - 15:15

Ald Hearrenfean-spiler Igor Korneev wie tongersdeitejûn by de wedstriid fan syn beide âlde klubs Hearrenfean-CSKA Moskou. Trener Gertjan Verbeek makke Korneev nei de wedstriid attint op de fakatuere fan assistint-trener, dy't frijkommen is nei it fuortgean fan Jan de Jonge nei De Graafschap.

Korneev is op dit stuit jeugdtrener by Feyenoord. De funksje by Hearrenfean liket Korneev wol wat. Verbeek joech him de tip de foarsitter te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)