Koreänen op de kwelder

19 okt 2014 - 16:58
  • De kwelder by Koehoal

Koreaanske ûndersikers krije help fan Nederlânske Waadseesaakkundigen om in soart 'Waadgebiet' yn Súd-Koreä te beskermjen. De Getbol dêr liket in soad op de Waadsee, mar dan mei tûzen rotseilantsjes.

Yn 2009 hat Súd-Koreä in gearwukingsoerienkomst sletten mei de Waadseelannen. Dy wie foaral rjochte op edukaasje en foarljochting. De kommende tiid stiet yn it teken fan de wittenskip, it behear en it monitoren fan de natoer. De Waddenacademie yn Ljouwert is frege te helpen. Koreaanske wittenskippers komme hjir en lju fan hjir gean nei Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)