Korbach wer foar de rjochter

01 des 2008 - 15:49

Fritz Korbach moat wer foar de rjochter komme. De âld-trainer (63) is yn desimber 2007 troch de plysje oanhâlden. By kontrôle die bliken dat er seis kear tefolle dronken hie.

Begjin ferline jier krige Korbach al in rydûntsizzing fan 14 moanne foar itselde feit. De eks-trainer fan SC Cambuur en Hearrenfean sei doe dat er gjin drank hân hie. It hege persintaazje soe neffens him feroarsake wêze troch it homeopatyske middel echinacae.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)