Korbach op non-aktyf

14 maaie 2007 - 22:34

Fuotbaltrainer Fritz Korbach is moandei troch it bestjoer fan Harkemase Boys op non-aktyf set. De minne resultaten wurde de trainer oanrekkene. Ofrûne sneon degradearren de Boys út de haadklasse.

No is al dúdlik dat de 22-jierrige Roel van der Meulen weromkomt by Harkemase Boys. It grutte talint fan de Harkema spile foar de BVO Veendam. In oare nije spiler is Oebele Schokker. Hy komt oer fan de Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)