Kopsturtbotsing by knooppunt De Jouwer

04 maaie 2015 - 16:26

In automobilist is moandeitemiddei licht ferwûne rekke by in kopsturtbotsing by it knooppunt fan De Jouwer. Ut de rjochting fan Snits botsten twa auto's troch noch ûnbekende reden opinoar. De ferwûne automobilist klage oer pine yn de nekke.

It ferkear hie troch bergingswurksumheden koart hinder fan fertraging. It ferkear kin no wer gewoan trochride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)