Kopstjit op skoalle

08 sep 2011 - 10:34

In learling fan it Friesland College op It Hearrenfean is woansdei ferwûne rekke troch in kopstjit fan in klasgenoat. Dy drige him ek mei in stik ark foar de holle te slaan. Dat koe skoalpersoniel tsjinhâlde.

De twa Ljouwerters, fan 19 en 21 jier, hiene spul oer in freondinne. Bûten de les socht de fertochte it slachtoffer op. Hy joech him in kopstjitt. It slachtoffer rekke út de tiid. Hy is nei it sikehûs brocht. Nei ûndersyk mocht er wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)