Kopstjit foar frou

07 aug 2014 - 10:56
  • Plysje

In 25-jierrige man út De Harkema is woansdeitenacht yn Surhústerfean oanhâlden nei't er in frou in kopstjit jûn hie. De man wie earder opfallen om't er rûzje hie mei in oare frou. De plysjes seagen letter dat deselde man op de Nije Jirden opnij rûzje hie mei in frou. Doe't er dy frou in kopstjit joech, is er oanhâlden.

De man fersette him bot tsjin syn oanhâlding en misledige de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)