Kopspikerkes op 'e wei

09 jun 2003 - 00:00

'Grapmakkers' hawwe op Pinkstermoandei by Hylpen spikerkes op 'e wei struid om de Fytsalvestêdetocht te fersteuren. Ferskate dielnimmers krigen dêrtroch in lekke bân. De organisaasje hat de wei gau skjinfage.

De 15.000 dielnimmers binne yn groepen fan 600 fuortgien. De earste groep stapte moarns om fiif oere op de fyts. Se moasten mei elkoar 240 kilometer ôflizze. De organisaasje moast 2000 ynskriuwers teloarstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)