Koprinner Noord ferspilet punten

17 nov 2000 - 15:14

Sealfuotbalclub Noord hat woansdeitejûn foar it earst yn njoggen wedstriden punten ferspile. De Hearrenfeansters spilen thús 6-6 gelyk tsjin ZSW út Wijchen.

De ploech fan trainer Jos Alkema stie lange tiid achter (0-3 en 1-4). Pas yn blessueretiid skoarde Haresh Sharma de gelykmakker. Noord spilet yn 'e earste divizje, it heechste nivo dêr't in Fryske sealfuotbalclub op útkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)