Koprinner Balk ûnderút tsjin BCV Burgum

26 sep 2015 - 17:26

De fuotballers fan Balk, koprinner yn de earste klasse E, ferlearen sneon thús mei 2-0 fan BCV út Burgum. De gasten kamen al nei 4 minuten op foarsprong troch in treffer fan Fedde Durk Kingma. De definitive nekslach foar Balk foel seis minuten foar de ein, doe't Jelte van der Wal de twadde Burgumer treffer makke.

De oare Fryske twastriid tusken Feanwâlden en Blau Wyt '34 waard in proai foar Feanwâlden, dat thús mei 3-1 wûn.

Sneu ferlies wie der foar Ljouwerter Sweltsjes, dat yn blessueretiid mei 3-2 ûnderút gong tsjin d' Olde Veste. Bûtenpost pakte yn Grins in 3-1 oerwinning op Groen Geel. Alle treffers foelen yn de twadde helte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)