Koppermoandei fierd

10 jan 2011 - 19:38

Yn de drukkerswrâld wurdt oan it begjin fan in nij jier in saneamde kopperprint oanbean. Dat wurdt dien op koppermoandei. Mei sa'n kopperprint lit in drukker sjen wat er kin.

Dit jier is de kopperprint makke troch de Nederlandse Dagblad Combinatie yn Ljouwert. De print is ûntwikkele troch de keunstner Bert Tienstra en dichter Abe de Vries en hy waard oanbean oan deputearre Adema. It tema fan de kopperprint wie dit jier duorsumens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)