Koperstellerijen oplost

01 des 2007 - 13:16

De plysje yn Drachten hat 24 saken oplost yn ferbân mei stellerij fan koper. It giet yn de measte gefallen om bliksemôflieders dy't de ôfrûne moannen stellen waarden yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân. De skea wurdt rûsd op 50.000 euro.

Der binne 7 ynwenners út Drachten oanhâlden yn de leeftyd fan 18 oant 30 jier. Trije fan harren sitte noch fêst. De plysje docht noch ûndersyk nei de opkeapers fan it stellen guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)