Koperen pipen tsjerke stellen

08 sep 2014 - 17:28

Foar de tredde kear yn in healjier is der guod stellen fan de Mariatsjerke yn Winsum. Dieven hawwe it ôfrune wykein koperen reinpipen stellen. Neffens koster Johan de Vries is der foar seker tûzen euro skea. Earder dit jier waard de klûs fernield en de tongerlieder stellen. Doe hie de tsjerke ek al foar sa'n 4500 euro skea.

It is net presys bekend wannear't de koperen reinpipen stellen binne. Wol is dúdlik dat it yn elts gefal tusken freedtejûn en sneintemoarn bard is.

Omdat de Mariatsjerke in monumint is, is de kâns grut dat de nije reinpipen wer fan koper wêze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)