Koperen liedings út hûs helle

16 okt 2012 - 10:30
  • Koper

Ut in leechsteand hûs oan de Tylkedam yn Ljouwert binne alle koperen liedingen stellen. Dat is nei alle gedachten dien yn it ôfrûne wykein. It koper waard ûnder oare út de badkeamer, keuken en garaazje weihelle. De ynbrekker koe it hûs ynkomme troch in rút iepen te brekken. De plysje siket no minsken dy't mear witte oer de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)