Koperen keunstwurk wer stellen

31 maaie 2011 - 21:41
  • Gelokkich hat Terpstra de foto's noch

De koperen toeters, it keunstwurk op it dak fan de muzykskoalle yn Burgum, is foar de twadde kear stellen. De muzykskoalle stiet in bytsje achterôf yn in tsjuster leantsje en dat jout dieven maklik de kâns om ta te slaan.

Tsien jier lyn mocht keunstner Gerrit Terpstra fan Heech it keunstwurk ûntwerpe. Hy keas foar koperen toeters om de relaasje mei de myzykskoalle te lizzen. Neffens Terpstra is de kâns lyts dat hy it keunstwurk foar in tredde kear meitsje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)