Koperen keunst stellen

29 feb 2012 - 18:52
  • It stellen keunstwurk

Koperdieven hawwe yn de nacht fan tiisdei op woansdei in grut koperen keunstwurk stellen út Jobbegea. It keunstwurk stie yn de tún fan AllesKan Kunstlokaal en wie folslein makke fan koperen bannen.

It byld mei de namme Energy Cloud is fan keunstner Marcel Prins en is makke fan âlde tongerlieders. It gefaarte stie op in ferheging en waacht yn totaal sa'n tachtich kilo. Allinnich de sokkel fan stoeptegels stiet der noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)