Koperdieven trappearre

15 apr 2010 - 11:19

De plysje fan Grinslân hat woansdei twa manlju út Drachten fan 22 en 44 jier oanholden foar koperstellerij. Plysjes reagearren op in melding dat der koper stellen waard by in wenning yn Sellingen. De bewenner hie beide dieders trappearre by it stellen fan koperen bliksemôflieders fan it dak fan syn pleats.

De fertochten naaiden út yn in bestelbuske. De plysje koe se koart dêrnei oppakke. It stellen koper lei yn it buske. De Drachtsters sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)