Koperdieven pakt op de Jouwer

26 okt 2007 - 10:19

De plysje hat fannemoarn betiid op de Jouwer twa koperdieven oppakt. In tsjûge hie de twa sjoen, by in bedriuw oan de Leeuwarderwei en hie de plysje belle. De plysje fûn de twa eefkes letter yn har auto op de Harddraverswei.

Yn de kofferbak siet in grutte partije koper. De twa manlju, út Aldeboarn en Drachten, binne meinaam nei it buro. De plysje moat noch útsykje wêr't it koper weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)