Koperdieven jouwe stellerij ta

30 sep 2010 - 10:07

Mei de oanhâlding fan fjouwer Ljouwerters hat de plysje twa koperstellerijen oplost. It giet om manlju fan 20, 22, 23 en 35 jier. Se binne oanhâlden op It Hearrenfean, omdat se fertocht waarden fan in ynbraak yn in skoalle. De manlju joegen ta dat se yn 'e skoalle koper stellen hiene. Se hiene soks yn Ljouwert ek alris faker dien.

De plysje hat proses-ferbaal opmakke. Dêrnei mochten de Ljouwerters wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)