Koperdieven aktyf yn De Haule

29 aug 2012 - 10:49

Yn De Haule binne in man fan 26 út Diever en in jonge fan 17 út Wilhelminaoord tiisdeitejûn betrape op stellerij fan koper, út in bedriuwspân. De eigner seach de twa en warskôge de plysje. Doe't de fertochten har bút yn in buske laden hiene, naaiden se út. De eigner fan it bedriuw gie achter har oan, wêrnei't de dieven oanhâlden waarden. Se binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)