Koperdief yn Mullum oppakt

03 jan 2011 - 10:43

De plysje hat sneintenacht yn Mullum in 31-jierrige man oanholden op fertinking fan it stellen fan koper. De plysje krige in melding dat der nei alle gedachten jeugd omsloech yn de skoalle dy't nijjiersdei ôfbrând wie.

Yn de skoalle troffen plysjes de fertochte oan. Hy wie dwaande koper te stellen. Doe't er oanholden waard, fersette er him bot en waard er biten troch in plysjehûn. Nei behanneling yn it sikehûs waard er ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)