Koperdief yn Ljouwert betrape

12 maaie 2014 - 10:22
  • Koper

In 34-jierrige man is fannacht betrape by it stellen fan koper en lead. Befeiligers seagen de man doe't hy op it dak fan in fersoargingshús oan de Huzumerstrjitte yn Ljouwert dwaande wie mei in losbûgen fan lead. De man is oerdroegen oan de plysje. By syn fyts leine al in stik as wat koperen buizen en in jildkistke. De fertochte, dy't gjin fêst adres hat, is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)