Koperdief oppakt op De Jouwer

23 aug 2014 - 11:47

In 30-jierrige man út gemeente De Fryske Marren is freedtenacht oppakt foar stellerij fan koper en stroomkabels fan in bouplak op De Jouwer. Surveillearjende plysjeminsken kamen de man tsjin op de Dokter Hattinkstrjitte yn Wikel. De man wie in bekende fan de plysje en makke in senuweftige yndruk. Doe't de auto fan de man trochsocht waard, fûn de plysje it stellen guod.

De fertochte hat tajûn dat er de koper stellen hie op De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)