Koperdief op dak Van der Heide

01 jul 2011 - 12:24

By bliksembefeiliger Van der Heide yn Kollum is tongersdeitenacht besocht om koper te stellen. It giet om de bliksemôflieders op it dak. Op in oar dak wie Van der Heide krekt in systeem oan it testen dat it stellen fan koper foarkomme moat, mar dêr hat de dieder net oan west. It alaarm fan it bedriuw warskôge de plysje. Dy trof de dieder net mear oan. De dieder hat in lyts part fan de bliksemôflieders meinaam.

Hoefolle skea it bedriuw hat is net bekend. It bedriuw hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)