Koper stellen It Hearrenfean

21 nov 2012 - 15:10
  • Fertochte
  • It giele karke

De plysje is op syk nei in man dy't freed 9 novimber koper stellen hat fan de Muntflat op It Hearrenfean. Omstanners seagen de man yn wurkklean doe't hy dwaande wie mei de koperen buis. Omdat se it net fertrouden bellen se de plysje. Doe't de plysje oankaam by de flat wie de man al fuort.

Hy hat it koper fan de 2e oant de 15e etaazje stellen. Tsjûgen sizze dat de man in swarte tas en in giele fietskarre by him hie. De karre is fûn op de Oude Veenscheiding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)