Koper stellen fan dak skoalle

09 jan 2007 - 12:01

Yn Ljouwert is in grutte partij koper en daklead stellen fan it dak fan in skoalle oan de Cornelis_Trooststrjitte. De stellerij fûn plak tusken woansdeitemiddei en moandeitemoarn. It koper siet ferwurke yn de tongerlieder dy't tefoaren_komme_moat dat it wjerljocht ynslacht yn it gebou.

Koper is de lêste tiid rôversguod by it dievegilde. Moandei noch sloegen dieven ta oan in spoarline yn Hollân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)