Koper - Hearrenfean: 1 - 0

06 aug 2003 - 00:00

SC Hearrenfean is troch nei de finale fan 'e Intertoto. De útwedstriid yn it Sloveenske Koper waard mei 1-0 ferlern, troch in goal fan Jakomin yn 'e 29ste minút. Omdat Hearrenfean thús mei 2-0 fan 'e Slovenen wûn, geane de Friezen dochs nei de finale. De formaasje mocht it fan Foppe de Haan kalm oan dwaan fanwege de hege temperatueren.

Yn 'e finale mei Hearrenfean it opnimme tsjin Villareal út Spanje. Dy wûn mei 2-0 fan it Tsjechyske Brno.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)