Kop-sturtbotsing yn Snits

06 nov 2007 - 10:14

In man út Hommerts (22) is moandei ferwûne rekke by in kop-sturtbotsing yn Snits. In autobestjoerster út Snits (44) seach te let dat de auto's far har ôfremmen. Se koe in oanriding net tefoaren komme. Se rekke de auto fan de 22-jierrige man. Dy rekke wer de auto fan in 32-jierrige Snitser.

De man út Hommerts is mei ferwûnings oan de nekke mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare twa bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)