Kop-sturt-botsing by De Jouwer

07 jun 2008 - 14:17

In man fan 53 jier út Burgum is freedtemiddei ferwûne rekke by in kop-sturt-botsing op de A6 by De Jouwer. Nei't de brêge oer de Skarsterrien sletten west hie, knalden trije auto's op elkoar. By it oplûken remme ien bestjoerder ôf, wêrtroch de auto's achter him op elkoar botsten.

De man út Burgum rekke ferwûne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)