Kop-sturt-botsing by De Jouwer

02 jul 2007 - 10:02

By de rotonde fan De Jouwer hat it ferkear sneintemiddei lêst fan files hân as gefolch fan in ûngelok en wurksumheden oan de dyk. In bestelauto botste achterop de auto fan in 44-jierrige Grinzer, de ynsittende fan syn auto moast nei nekletsel nei it sikehûs.

De 36-jierrige Hallumer oan it stjoer fan de bestelauto hie net sjoen dat de auto foar him remje moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)