Kop op Haensmole op de Burd

01 okt 2007 - 17:36

Op de Burd by Grou hat de Haensmole syn kop wer krigen. Trije jier lyn waard de spinnekopmole op de hoeke fan de Pikmar en it Prinses Margrietkanaal ramd troch in út de koers rekke frachtskip. Der wie 200.000 euro nedich om it monumint wer op te bouwen.

Dat is op in oar plak dien, dêr't er mear wyn fange kin, want de mûne sil foar it earst sûnt 1940 ek wer ynset wurde foar polderbemealling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)